Steatelid Menno Brouwer fan Partij voor de Dieren hat nei fjouwer jier ôfskied naam fan Provinsjale Steaten fan Fryslân. Hy wurdt opfolge troch Frederique Kosse, dy’t hjoed beëdige is as lid fan Provinsjale Steaten.
Brouwer nimt it plak fan Kosse oer en giet fierder as kommisjelid foar de Partij voor de Dieren.
By de Steatefraksjes fan de PVV en Steatelid Jonker binne hjoed nije kommisjeleden beneamd. In kommisjelid kin wol meidwaan oan it debat yn de Steatekommisje. Ek kin it kommisjelid út namme fan de fraksje lid wêze fan Steatewurkgroepen en it wurd dwaan op de Steatemerk.
Frederique Kosse (Sittard,1961) wennet yn Easterein en is yn it deistich libben wurksum west as dosint Nederlânsk en Filosofy.
Menno Brouwer (Utrecht, 1957) is sûnt novimber 2020 Steatelid yn de Provinsjale Steaten.
Hy wennet yn Burgum en is yn it deistich libben wurksum west as amtner by de gemeente Ljouwert en Achtkarspelen ûnder oare op it mêd fan ekonomy, romte en grûn.
Foar Steatelid Jonker is Reinoud Koster (Almelo, 1955) beneamd as kommisjelid.
Hy wie earder riedslid, wethâlder en griffier foar ferskate Fryske gemeenten.
Hy wennet yn Koatstertille.
Foar de PVV is Lieuwe Ettema (Drachten, 1970) beneamd as kommisjelid. Hy wie nûmer 7 op de PVV list by de Steateferkiezings. No is hy Steunfraksjelid yn Achtkarspelen.
Hy wennet yn Surhústerfean.