FNP en CDA hawwe, nei in tige spannende ferkiezingsútslach, besletten de ynformaasjeronde mei-inoar te starten.
Op útstel fan de grutste partij is keazen foar in mienskiplike oanpak dy't rjocht docht oan de útslach en it ûnderlinge betrouwen tusken beide partijen ûnderstreket.
Sjoerd Groenhof (FNP) en Harry van der Molen (CDA) binne beneamd as ynformateurs. Sy sille de kommende perioade oriïntearjende petearen fiere mei alle politike partijen en ûndersykje hokker opsjes der binne foar in effektive gearwurking tusken partijen dy't rekkenje kinne op in mearderheid yn de gemeenteried.
Ynformateurs
Sjoerd Groenhof (FNP, 62 jier) wie earder fraksjefoarsitter fan de FNP yn Achtkarspelen en is op dit stuit wurksum by Philips. Harry van der Molen (CDA, 45 jier) wie earder fraksjefoarsitter en wethâlder yn Ljouwert en hat fiif jier yn de Twadde Keamer sitten. Op dit stuit is hy direkteur Marketing, Communicatie & Public Affairs by Firda.
Ferfolch
De FNP en it CDA sjogge it mienskiplike ferfolchproses mei nocht en fertrouwen temjitte. Beide partijen ferwachtsje in flot en soarchfâldich proses te trochrinnen wêrby alle partijen belutsen wurde.