Wikseling by Steatefraksjes CDA, PvdA en D66

24 jun , 20:56Nieuws
foto Willem de Graaf
Aangeleverd door Statengriffie
De commissaris van de Koning A.A.M. Brok feliciteert Willem de Graaf met zijn beëdiging als Statenlid.
Aebe Aalberts (CDA) hat ôfskied nommen fan Provinsjale Steaten en hat plak makke  foar syn opfolger Foppe Wiersma. Willem de Graaf is steatelid wurden by de PvdA, omdat Jaap Stalenburg dermei ophâlden is. By D66 ferfangt Nadia Grotenhuis kommisjelid Thomas Hooft.
Mei noch in healjier te gean rjochting de Steateferkiezings op 17 maart, koe kommissaris fan de Kening Brok hjoed wer twa nije Steateleden beëdigje en 1 kommisjelid.
Nei sân jier yn Provinsjale Steaten is it foar Aebe Aalberts (49) tiid om wat oars te dwaan.
Foppe Wiersma (41) fan Ljouwert nimt de sit fan CDA oer. Wiersma is al trije jier warber foar de Steatefraksje yn de hoedanichheid fan earste opfolger en kommisjelid.
De hear Jaap Stalenburg (66) ferlit ek de Steaten dêr’t er sûnt 2019 steatelid fan PvdA is. Willem de Graaf (75) nimt syn sit oer. De Graaf wie fan septimber 2024 oant april 2026 riedslid fan de gemeente Harns en earder kommisjelid yn de Provinsjale Steaten.
Nadia Grotenhuis (37) fan Snits is troch kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok beëdige as kommisjelid foar D66. Frou Grotenhuis is Lead coördinator by in ferhierbedriuw. Fierder is sy fraksjemeiwurker fan D66 yn gemeente Súdwest-Fryslân.
loading

Loading articles...

Loading