Wês der as de hinnen by! De kaartferkeap fan De saak De Haan begjint

17 apr , 7:08 Nieuws
img 0870
Theatergroep FIER

Op snein 20 april, 1e peaskedei, om 12.00 oere set de kaartferkeap fan teäterstik De saak De Haan útein. Reduzum lit him yn juny en july wer fan syn bêste kant sjen mei it lokaasjeteäter fan Theatergroep FIER.

It Friesch Transport Museum oan de Ayttawei en lokaasjes dêr omhinne binne dizze kear it dekôr foar in ridende rjochter, in hoanne, bargen, oare bisten en bysûndere doarpelingen.

De saak De Haan is in foarstelling ynspirearre op it ferneamde boek ‘Animal Farm’ fan George Orwell út 1944. Sytse Broersma, Peter Sijbenga en Janneke de Haan wurkje yn dizze foarstelling wer gear, lykas yn Oeds fan Fierwei (2018). It artistike team is útwreide mei goreograaf Willy van Assen en Edith Zijlstra (kostúms).

De útfieringen binne op 21 juny (generale), 22, 27, 28 en 29 juny en 3, 4 en 6 july.

Kaarten à € 19 (+ € 1 servicekosten) kinne besteld wurde fia www.theatergroepfier.nl.