Taaldoarp Frysk giet wer fan start

18 mei , 21:14Nieuws
frysk img 8833
parelprojecten.nl
Foar de evaluaasje fan it sprekfeardigens yn it Frysk organisearje Afûk, Cedin en it lektoraat Meartaligens & Geletterdheid fan NHL Stenden Hogeschool wer de evaluaasjeomjouwing Taaldoarp Frysk.
It Taaldoarp Frysk is in part fan GRIP, it evaluaasjesysteem foar de taalûntwikkeling Frysk yn it ûnderwiis, en is rjochte op de toetsing fan de kommunikative mûnlinge taalfeardigens yn autentike (libbensechte) situaasjes.
Taaldoarp Frysk is yn 2026 útgroeid ta in gearwurking mei 6 gemeentes yn 7 ferskillende plakken mei tal fan ûndernimmers, krekt mear dan 40 basisskoallen en ek noch sa'n 187 learlingen fan in fû-skoalle. Der is in ferbining mei de Praat mar Frysk kampanje en it Taaldoarp is in part fan it Skoaleksamen Frysk, mar foaral in betsjuttingsfol event. Troch Taaldoarp Frysk ûntstiet mear ynsjoch yn de sprekfeardigens Frysk by bern en wurdt besocht dit te ferbinen mei hoe't it Frysk troch dizze learlingen thús, mei leeftiidsgenoaten en op skoalle, brûkt wurdt.
Op woansdei 20 maaie 2026 fynt it Taaldoarp plak yn Burgum en Boalsert (start troch wethâlder Súdwest-Fryslân), op freed 22 maaie yn Kollum (start troch boargemaster Noardeast-Fryslân), De Westereen (start troch boargemaster Dantumadiel) en Surhústerfean en op freed 12 juny yn Dokkum & Sint Nyk. 
Taaldoarp Frysk wurdt mei mooglik makke troch de provinsje Fryslan út Taalplan Frysk 2030 wei.
loading

Loading articles...

Loading