Fan septimber oant en mei maart 2026 wurde de ynwenners fan Fryslân troch it Steatekomitee Frysk* útdage om mei te tinken oer de takomst fan it Frysk.
Om ynwenners aktyf te belûken by dit proses, sil it Steatekomitee it online platfoarm Stim fan Fryslân ynsette.
Stim fan Fryslân (Stimfanfryslan.frl) is spesjaal ûntwikkele om boargers mear ynfloed te jaan op it belied fan de provinsje en biedt romte foar ideeën, diskusjes en ynspraak, yn dit gefal oer de takomst fan de Fryske taal en kultuer. Om minsken te wizen op de mooglikheid om mei te praten, wurdt de kampanje ûnder de oandacht brocht fia sosjale media, adfertinsjes en posters. Ek wurde der ambassadeurs ynset en sille der fysike gearkomsten plakfine.
Provinsjale Steaten hawwe ein 2023 it Steatekomitee Frysk de opdracht jûn om te kommen mei in inisjatyfútstel Langetermyndoelen foar it Frysk en dêr de mienskip by te belûken. Fryslân hat, krekt as it Ryk, in ferantwurdlikheid en soarchplicht foar de Fryske taal en kultuer. Dat freget neffens Provinsjale Steaten om in aktive hâlding om de taal en kultuer te befoarderjen en te beskermjen.
It Steatekomitee Frysk neamde as ien fan de útgongspunten de lykweardigens; wat jildt foar de Nederlânske taal en kultuer, jildt likegoed foar it Frysk. Foarsitter fan it Steatekomitee Frysk Attje Meekma: “Wy stribje dernei om in twatalige provinsje te wurden, dêr’t sawol it Frysk as it Nederlânsk brûkt wurde kin yn alle fasetten fan it deistich libben”. De langetermyndoelen binne rjochte op realisaasje yn 2051, 100 jier nei Kneppelfreed.