
Yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten fan Fryslân op 12 novimber 2025 is Ronald Oenema fan Oldelamer offisjeel ynstallearre as nij lid fan de Steaten út namme fan JA21.
Oenema nimt de sit oer fan Maarten Goudzwaard, dy't syn steatelidmaatskip dellein hat yn ferbân mei syn ferkiezing foar de Twadde Keamer.
Maarten Goudzwaard stie by de Twadde Keamerferkiezingen fan 2025 op plak 8 fan de kandidatelist fan JA21. No't de partij by dizze ferkiezingen 9 sitten helle hat, sil hy syn wurksumheden fuortsette yn Den Haag as lid fan de Twadde Keamer.
Op woansdei 26 novimber sil Maarten Goudzwaard yn de Steategearkomste op it provinsjehûs yn Ljouwert offisjeel ôfskied nimme fan Provinsjale Steaten fan Fryslân. Dêrby wurdt stilstien by syn ynset en bydrage oan it wurk fan de Steaten yn de ôfrûne perioade.
Ronald Oenema, wenjend yn Oldelamer, wie sûnt 23 april 2024 kommisjelid foar JA21 binnen Provinsjale Steaten.