Praat mar Frysk: ús memmetaal en de Fryske Kultuerpriis

25 feb 2022, 20:35 Nieuws
utrikking fryske kultuerpriis
defryskemarren.nl

Ofrûne moandei 21 febrewaris, wie it de Ynternasjonale Memmetaaldei. Dizze dei wurdt elk jier troch de UNESCO fierd. De Memmetaaldei stiet yn it teken fan it taalkundige en kulturele ferskaat en meartaligens. Talen binne it ynstrumint om it kultureel erfguod libben te hâlden. En it is goed om dêr regelmjittich by stil te stean.

FRYSLAN, 25-02-2022 - Luciënne Boelsma, wethâlder Frysk taalbelied: ”Troch de memmetaal yn eare te hâlden, bliuwe taalkundige en kulturele tradysjes bestean. Tige wichtich om hjir dizze wike ekstra stil by te stean en ús sels ek wer efkes út te daagjen. Us taal hat prachtige wurden. Witsto bygelyks wat it wurd ‘oanpoene’ betsjut?”

Fryske Kultuerpriis

Fanselssprekkend rikt de gemeente ek oer 2021 in Fryske Kultuerpriis út. Sûnt in oantal jierren in moaie tradysje yn ús gemeente. Wy wolle dat op in leuke en leafst wer op in fysike manier dwaan en dêrom sille wy de priis op in letter momint útrikke. Der kin no wer mear: hâld de media yn de gaten, fan útstel komt gjin ôfstel!

Meld in inisjatyf by ús oan!

Ek yn 2021 is der in protte net trochgien troch it koronafirus. De sjuery ropt dêrom op om foardrachten foar de priis te dwaan. Luciënne Boelsma: “Dat kin fansels ek in online inisjatyf wêze, in digitale foarstelling, muzyk of in moai boek dat jim yn 2021 rekke hat. Kultuer is breed en sjoen de situaasje ôfrûne jier sette we it dit jier wat rommer út. We binne benijd nei de oanmeldingen!”

Motivaasje

Jim kinne jim tips oanmelde troch oant en mei snein 27 maart in email te stjoeren nei: [email protected]

mei de namme fan de kandidaat en telefoannûmer en emailadres fan de kontaktpersoan. Graach maile t.a.f. Beitske Tymstra. Wolle jim by de foardracht wol yn it koart oanjaan wêrom't jim fine dat dit inisjatyf yn oanmerking komt foar de priis? Graach as foardrager ek jo eigen namme, emailadres en telefoannûmer yn de mail sette. Tige tank alfêst!