Meindert Tjerkstra rikke sneon 16 maart út namme fan de sjuery de Fryske Taal- en Kultuerpriis fan
gemeente De Fryske Marren út oan toanielferiening Fryske Krite De Jouwer. De feriening naam de priis fan € 750,- nei ôfrin fan har lêtste foarstelling ‘De Himmelsters’ yn ûntfangst.
JOURE, 18-03-2024 - De sjuery foar dizze priis bestiet út wethâlder Chris van Hes, Meindert Tjerkstra en Douwkje Douma-Zijlstra en hat de toanielferiening selektearre út 4 ferskillende foardrachten.
Sjueryrapport
De sjuery oer de winners: “It sjueryrapport sprekt boekdielen oer de fertsjinsten fan Fryske Krite De Jouwer. Al sûnt 1938 ha se Frysk toaniel op ‘e planken set. Fan serieus stikken oant grappige stikken. Alles is yn de jierren foarby kommen. Fan it organisearjen fan toanielstikken oant it oanbieden fan taalkursussen, Fryske Krite De Jouwer hat himsels bewiisd as in wiere ambassadeur fan ús taal en kultuer.”
Wêrom jouwe wy de priis?
De gemeente wol it brûken fan it Frysk stimulearje. De útrikking fan de Fryske Taal- en Kultuerpriis is dêr in middel ta.