Elmar Kuiper wint Gysbert Japicxpriis 2025

28 aug , 19:54 Nieuws
Overhandiging
Provincie Fryslan
Deputearre Eke Folkerts ferraste Elmar Kuiper mei it boadskip dat de Gysbert Japicxpriis 2025 foar him is.

Dichter Elmar Kuiper is de winner fan de Gysbert Japicxpriis 2025. Hy krijt de wichtichste priis foar Fryske literatuer foar syn dichtbondel Ferlosboartsje. Op tongersdei 28 augustus is hy thús ferrast mei in besite fan taaldeputearre Eke Folkerts.

De advyskommisje keas mei folle oertsjûging foar dizze bondel. “Yn Ferlosboartsje komt de lêzer yn in poëtysk universum dat fier rikt foarby de grinzen fan it konvinsjonele fers. Dizze dichtbondel is in moedige, foarmbewuste en oandwaanlike ferkenning fan poëzij, byld en inerlike kontemplaasje. Mei elk gedicht rekt de dichter it format fan de poëzij op, befreget it en makket it op 'e nij.”

Neist in oarkonde krijt Kuiper in jildbedrach fan € 10.000 en in oanfoljend promoasje- en ûntwikkelbudzjet fan € 5.000. De offisjele útrikking dêrfan is sneon 11 oktober yn de Martinitsjerke yn Boalsert. Ek wurdt dan bekend wa’t de ‘Lytse Gysbert’ wint, de priis foar it bêste Fryske gedicht troch skoalbern út de groep 7 en 8.

Elmar Kuiper (1969) debutearre yn 2004 mei de bondel Hertbyt. Tal fan publikaasjes folgen, wêrûnder twatalich en Nederlânsktalich wurk en in ferhalebondel.Ferlosboartsje is syn sânde Frysktalige bondel. 

De provinsjale Gysbert Japicxpriis is sûnt 1947 de heechste ûnderskieding foar oarspronklik Frysktalich wurk. De priis wurdt twajierliks takend en wikselet ôf tusken proaza en poëzy. Foar dizze 40e edysje beoardiele de advyskommisje, besteande út Ytsje Hoekstra, Sytse Jansma en Johanneke Liemburg, 35 dichtbondels dy't ferskynden tusken 2021 en 2024.

Mear ynformaasje is te finen op:

• www.tresoar.nl/agenda

• https://www.provincialeprijzen.frl/gysbert-japicxpriis