Oarkonde en finerslean foar finer earste ljipaai De Fryske Marren

Oarkonde en finerslean foar finer earste ljipaai De Fryske Marren
Oarkonde en finerslean foar finer earste ljipaai De Fryske Marren
Foto: Gemeente De Fryske Marren

Anne Wind út Penjum hat tiisdei 5 maart út hannen fan boargemaster Fred Veenstra de oarkonde krigen foar it finen fan it earste ljipaai fan gemeente De Fryske Marren. Dêrby krige hy ek noch syn fertsjinne finerslean. Hy fûn it aai op 5 maart, om 07.59 oere, op in stik lân by Ychtenbrêge.

DE FRYSKE MARREN, 07-03-2024 – De útrikking fûn plak op it provinsjehûs fan Ljouwert. Wind ûntduts tiisdei nammentlik in saneamd ‘twake’ wêrtroch’t hy yn ien klap it earste ljipaai fan Fryslân én dat fan De Fryske Marren fûn. Fan Arno Brok, kommissaris fan de kening, krige hy de ‘Sulveren Ljip’.

Aanmelden nieuwsbrief
Cookieinstellingen