Finers fan it earste ljipaai yn De Fryske Marren

11 mrt , 12:57Natuur
Jitze (l) en Johan Deinum
Douwe Bijlsma
Jitze (l) en Johan Deinum
Johan Deinum út Wikel hat tegearre mei syn soan Jitze tiisdei 10 maart út hannen fan boargemaster Leo Pieter Stoel de oarkonde krigen foar it finen fan it earste ljipaai fan gemeente De Fryske Marren. 
Dêrby krigen se ek noch har fertsjinne finerslean. Se fûnen it aai op sneon 7 maart om 18.00 oere, op in stik lân by Tjerkgaast. De útrikking fûn plak op it gemeentehûs op De Jouwer.
loading

Loading articles...

Loading