Wa wint de Fryske Taal- en Kultuerpriis fan De Fryske Marren 2025?

20 nov , 19:47 Gemeente
muziek img 2991
parelprojecten.nl

Ek dit jier set gemeente De Fryske Marren wer in Frysktalich kultureel inisjatyf of persoan yn ús gemeente yn it sintsje. Dit dogge wy troch de Fryske Taal- en Kultuerpriis. Elkenien kin der nominaasjes foar yntsjinje.

De priis bestiet út in bedrach fan €750 en is foarich jier wûn troch Janneke Warringa.

Wêrom dizze priis?

Yn De Fryske Marren libbet de Fryske taal en kultuer – yn ús wurden, muzyk, ferhalen en mienskip. Mei de Fryske Taal- en Kultuerpriis wol de gemeente minsken dy’t dêr wat moais mei dogge, yn it ljocht sette en oanmoedigje.

Doch mei!

Kenst do in persoan, feriening of organisaasje dy’t it ôfrûne jier wat bysûnders dien hat foar de Fryske taal of kultuer yn De Fryske Marren? Of tinkst: dat ha wy eins sels ek wol fertsjinne? Nominearje dan fia https://forms.office.com/e/K1yCRSNh53 of gean nei ús webside: www.defryskemarren.nl.

Fertel derby wêrom’t dizze persoan of groep neffens dy de priis mear as fertsjinnet en wa wit, stiet dyn nominaasje takom jier wol op it poadium!