Jan Nutma út Nes en Harry Wijbrands út Molkwerum hawwe tiisdei 11 maart út hannen fan waarnimmend boargemaster Klaas Agricola de oarkonde krigen foar it finen fan it earste ljipaai fan gemeente De Fryske Marren.
Dêrby krigen se ek noch har fertsjinne finerslean. Se fûnen it aai op 9 maart om 09.35 oere, op in stik lân by Oldeouwer. De útrikking fûn plak op it gemeentehûs op De Jouwer.