Toanielselskip Sint Nyk wint Fryske taal- en kultuerpriis 2025

14 feb , 22:30 Gemeente
gemeentehuis 0 website defryske marren
website www.defryskemarren.nl

Tonielselskip Sint Nyk hat de Fryske taal- en kultuerpriis 2025 fan De Fryske Marren wûn. De feriening kriget de priis foar har mear as 50-jierrige ynset foar it Frysk toaniel en de wichtige rol dy’t it selskip spilet yn de mienskip.

De cheque is útrikt by de foarstelling dy’t sy dit jier spylje: Chez Dolly Encore.

Sjueryrapport

Wethâlder Chris van Hes, Meindert Tjerkstra en de priiswinnares fan ferline jier, Janneke Warringa, foarmje dit jier de sjuery: “Toanielselskip Sint Nyk is al mear as fyftich jier in fêste wearde yn it kulturele libben fan De Fryske Marren. De feriening kiest konsekwint foar Frysk toaniel en berikt in breed publyk fan jong oant âld. Troch mei-inoar foarstellingen te meitsjen — fan spilers oant dekôrbouwers en frijwilligers — ûntstiet sterke ferbining yn de mienskip. Mei de produksje Do silst libje!!, dy't oerset is troch Roel van Nijen, hat it selskip sjen litten hoe’t taal, kultuer en skiednis inoar fersterkje kinne. Dêrom fertsjinnet Tonielselskip Sint Nyk de Fryske taal- en kultuerpriis 2025 fan De Fryske Marren.”

Wêrom jouwe wy de priis?

De gemeente wol it brûken fan it Frysk stimulearje. De útrikking fan de Fryske Taal- en Kultuerpriis is dêr in middel ta.