In moaie betinking tongersdeitemiddei yn
Balk, mei de trije skoallen en wethâlder Luciënne Boelsma. It jiertema 'vrijheid in verbondenheid' is ek no aktueel. In oar helpe dêr’t je dat kinne, der wêze foar in oar. Sa as no de minsken út
Oekraïne yn Welgelegen,
Harich.
BALK, 25-04-2022 - Ek doe holpen minsken elkoar, sa as yn it ferset. In betinking mei ek moaie gedichten fan de bern. De trije skoallen ha it monumint oan it riedhûs adoptearre en hâlde hjir jierliks in betinking mei in taspraak, blommen en gedichten.