De formearjende partijen FNP, CDA en PRO yn De Fryske Marren hawwe oerienstimming berikke oer in koalysjeakkoart foar de perioade 2026-2030.
Mei it haadlinenakkoart ‘Mei-inoar op koers’ wurdt der de kommende jierren wurke oan in leefbere en takomstbestindige gemeente.
De kommende fjouwer jier wol de koalysje mei each foar de finansjele kaders trochbouwe op it fundamint dat de ôfrûne fjouwer jier lein is. It haadlinenakkoart jout dêrneist romte oan de folsleine gemeenteried en de mienskip fan De Fryske Marren om ynfloed te hawwen op ‘e útwurking en útfiering.
Yn in tiid wêryn’t maatskiplike opjeften hieltyd komplekser wurde is it wichtich om dúdlike keuzes te meitsjen, mar tagelyk ek romte te hâlden foar gearwurking, maatwurk en nije ynisjativen. Dit haadlinenakkoart jout romte dêrta.
Formateurs Harry van der Molen en Sjoerd Groenhof sjogge mei in goed gefoel werom op it rûne proses. “Der is in soad en yntsinsyf mei-inoar praat, mar altyd yn in goeie sfear en mei respekt foar elkoar. Wy binne grutsk en bliid dat der no in akkoart leit dêr’t eltsenien by dizze prachtige gemeente de kommende fjouwer jier mei oan de slach kin.”
WethâldersChris van Hes, Remboud van Iddekinge (beide FNP), Jan van Zanden, Barbara Gardeniers (beide CDA) en Sippy van der Meer (PRO) binne foardroegen as wethâlders.
Besprekking yn gemeenteriedDielname oan de koalysje wurdt noch foarlein oan de leden fan PRO. Hjirnei wurdt it koalysjeakkoart op moandeitejûn 29 juny yn ‘e gemeenteried besprutsen. Tidens dizze gearkomste wurde ek it kolleezje en de nije riedsleden ynstallearre.