Op freed 24 april komt it Fries Museum nei Haskerhoarne! Mei in fergees programma foar jong en âld yn Dorpshuis Trefpunt (Haulsterweg 3). Foar de gelegenheid nimt it museum in histoaryske radioset mei.
Dizze set waard yn 1944 dropt by it doarp én hat in ferrassende link mei it ferhaal achter James Bond. Bewûnderje de orizjinele radioset yn it doarpshûs en besjoch oare museumstikken yn ’e museumbus. Sko oerdeis oan by in fergeze kreative workshop foar jong en âld en rin mei mei in speurtocht troch de bosk. En genietsje de jûns fan bysûndere ferhalen op ’e ferhalejûn, mei skriuwer en sjoernalist Onno Blom as bysûndere gast. Meidwaan is fergees en oanmelde is net nedich. Mear ynformaasje op friesmuseumoppaad.nl/haskerhorne.Yn it neijier fan 1944 wie Haskerhoarne it toaniel fan in belangrike gebeurtenis yn ’e oanrin nei de befrijing fan Nederlân. Yn ’e nacht fan 1 op 2 novimber dropten de Ingelsken in geheime lading boppe it doarp: kisten mei wapens foar it ferset én twa geheim aginten. De aginten, Peter Tazelaar en Lykele Faber, hiene in radiostjoerder by har om kontakt te hâlden mei Ingelân. Dy radioset stiet sintraal by it programma. Konservator Marre Sloots fertelt oer de radioset, de geheim aginten en it Fryske ferset.
Programma
Fan 15.00 oant 17.00 oere kinne besikers meidwaan oan in kreative workshop wêryn’t sy harren eigen mini-parasjute meitsje, ynspirearre op ’e dropping fan 1944. Tagelyk is der in speurtocht yn it Haulsterbosk, dêr’t besikers de spoaren fan ’e oarloch ûntdekke. Ek is de museumbus oanwêzich, wêryn’t besikers bysûndere objekten út ’e kolleksje fan it Fries Museum besjen kinne. Ferhalefertellers bringe de skiednis achter dizze foarwerpen ta libben.De jûns fan 19.30 oant 20.30 oere (ynrin fan 19.00 oere ôf) is der in ferhalejûn. Konservator Marre Sloots giet yn op ’e radioset en it ferhaal fan ’e geheim aginten. Bysûndere gast is skriuwer en sjoernalist Onno Blom.Oer Onno BlomYn ’e famyljeskiednis fan Onno Blom komme de tsjinstellingen fan ’e oarloch skerp nei foaren: syn pake Jan siet yn it ferset, wylst oare famyljeleden har oansleaten by de NSB. Blom die wiidweidich ûndersyk nei dat ferline en ferwurke it yn syn boek Oorlogsduif. Op ’e ferhalejûn fertelt er oer dy ynkringende skiednis.
Fries Museum op Paad wurdt mooglik makke troch de VriendenLoterij.
Fries Museum op Paad wurdt mei mooglik makke troch it Mondriaan Fonds, Vfonds, Cultuurfonds, Iepen Mienskipsfûns, Haaima, FGD Assurantiën, FGD Lease, Meindersma Sybenga Stichting en de Boersma Adema Stichting.
It Fries Museum wurdt mei finansiere troch Windpark Fryslân, de Provinsje Fryslân, it Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, de VriendenLoterij, Ir. Abe Bonnema Stichting en de Freonen fan it Fries Museum.