Nije kearndoelen Fryske taal en kultuer 1 augustus fan krêft

18 feb , 20:34 Cultuur
2024-04-02 IKC2193_IKC_Bart-Lindenhovius_HR
Bart Lindenhovius

Provinsjale Steaten hawwe hjoed de ‘Feroardering kearndoelen Fryske taal en kultuer 2026’ fêststeld. Dêrmei sille de kearndoelen op 1 augustus 2026 fan krêft wurde.

Skoallen út it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis kinne dan oan it begjin fan it skoaljier 2026-2027 mei de nije kearndoelen oan ‘e slach. Skoallen hawwe oant skoaljier 2030-2031 de tiid om de nije kearndoelen in plakje te jaan.

De nije kearndoelen Fryske taal en kultuer jouwe skoallen yn Fryslân hânfetten om ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer op gearhingjende wize ûnderdiel te meitsjen fan it ûnderwiisprogramma. De kearndoelen Frysk foar it primêr ûnderwiis binne útwreide mei omtinken foar Fryske kultuer en skoallen kinne de kearndoelen Fryske taal en kultuer mei kearndoelen fan oare leargebieten ferbine. Yn de kommende tiid sille skoallen en bestjoeren op ferskate wizen oer de ynhâld fan de nije kearndoelen en it proses ynformearre wurde. De kearndoelen binne no al te finen op de webside www.kurrikulum.frl.

Provinsjale Steaten hawwe sûnt 2014 it foech oerdroegen krigen fan it Ryk om de kearndoelen Frysk fêst te stellen. In tal jierren werom is der in grutte lanlike aktualisaasje fan it kurrikulum úteinset. Cedin is de partij dy’t fan de provinsje de opdracht krigen hat om de kearndoelen Frysk te fernijen. Cedin hat nau oparbeide mei de lanlike kurrikulumûntwikkeler SLO en mei it ûnderwiisfjild en yn 2024 binne de kearndoelen Fryske taal en kultuer yn konsept oplevere. Nei in faze fan probearjen hat bliken dien dat de skoallen posityf binne oer de nije kearndoelen en der goed mei wurkje kinne. Begjin desimber 2025 brochten steatssekretaris fan OCW Koen Becking en deputearre Eke Folkerts in wurkbesite oan trijetalige basisskoalle ‘t Holdersnêst op De Harkema. Sy krigen dêr de nije kearndoelen oerlange. No’t Provinsjale Steaten de nije kearndoelen fêststeld hawwe, wurde se foar goedkarring foarlein oan de steatssekretaris fan OCW.

Taalplan Frysk 2030

By it ymplemintearjen fan de nije kearndoelen Fryske taal en kultuer kinne skoallen stipe krije fan Taalplan Frysk 2030. Op dy wize wurdt der wurke oan de doelstelling, fêstlein yn de BFTK 2024-2028, dat yn 2030 op alle skoallen yn Fryslân alle kearndoelen Fryske taal en kultuer ûnderdiel fan it ûnderwiisprogramma binne. Mear ynfo: www.taalplan.frl.