Mei de oprjochting fan de Stichting Frysk Filmfûns ynvestearret de provinsje Fryslân alle jierren €341.642,- yn de Fryske taal- en kultuersektor. Deputearre Steaten hawwe besletten it fûns oant en mei 2028 te stypjen.
Net allinnich is dat wichtich foar de fitaliteit fan de Fryske taal fia Fryske audiofisuele produksjes, mar ek foar de bredere kulturele sektor, benammen op it mêd fan talintûntwikkeling yn de filmwrâld.
De Stichting Frysk Filmfûns is yn maart oprjochte en sil it Frysk Filmfûns beheare, finansieringen oanlûke en regelingen iepenstelle. Der komme yn alle gefallen regelingen foar opkommende en fêstige makkers, koarte en lange films en dokumintêres en it ûntwikkeljen en produsearjen fan skripts en produksjes. De provinsje sil gjin ynfloed hawwe op de regelingen, de oanfragen en de takenningen.
Njonken it belang van de sichtberens en fitaliteit fan it Frysk hat it Frysk Filmfûns ferskate oare positive effekten. Sa docht út ûndersyk fan it Nederlânsk filmfûns bliken dat elke euro ynvestearre troch it filmfûns €4,12 oan ekstra ynvestearringen yn de yndustry opleveret: dat is goed foar de Fryske filmsektor en de Fryske makkers, mar ek foar de Fryske taleveringsyndustry en de Fryske ekonomy yn it algemien lykas Fryske hoareka-bedriuwen. Fierder litte sifers sjen dat de kreative yndustrysektor ien fan de hurdst groeiende sektoaren yn Noard-Nederlân is. In groeiende Fryske filmsektor kin in positive bydrage leverje om Fryslân ek op dat mêd ynternasjonaal op de kaart te setten Yn it foarste plak om’t de nije films en dokumintêres ûntwikkele wurde foar in ynternasjonaal publyk dat hieltyd makliker te
berikken is.
Deputearre Eke Folkerts: “Troch mearjierrich te ynvestearjen yn it Frysk Filmfûns sette wy yn op de fitaliteit fan de Fryske taal én de takomst fan ús kreative sektor. Mei it Frysk Filmfûns biede wy konkrete stipe oan kreative makkers yn Fryslân. Dat soarget net allinnich foar mear Frysktalige films en dokumintêres, mar ek foar wurkgelegenheid, ynnovaasje en ynternasjonale sichtberens fan ús taal en provinsje. Mei dizze ynvestearring jouwe wy ek konkrete útfiering oan de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer.”
Ek deputearre Sijbe Knol is tige wiis mei de oprjochting fan it Frysk Filmfûns. “Dit fûns biedt kânsen foar de hiele Fryske filmsektor. As jonge filmmakker hast soms gewoan de kâns nedich om in start meitsje te kinnen en dy fierder te ûntwikkeljen. It Frysk Filmfûns biedt dy kâns en draacht tagelyk by oan in sterke kulturele ynfrastruktuer. Fan talintûntwikkeling oant profesjonele produksje: it fûns stipet de filmsektor yn de folle breedte.”