Frysk greppellân krijt Ryksjild út Erfgoed Deal

Lionserpolder
Lionserpolder
Foto: Simon de Winter - Natuurmonumenten

Greppellân is goed foar floara en fauna, kin bydrage oan it oplossen fan klimaatproblemen én is kultuerhistoarysk weardefol. Tanksij in útkearing fan ’e lanlike Erfgoed Deal kin no goed 240 hektare greppellân yn oparbeidzjen mei boeren opknapt  en behâlden wurde.

FRYSLAN, 05-10-2022 – Mei de útkearing fan € 353.000 rjochtet it projekt Greppelland, van blinde vlek naar nieuwe toekomst him earst op twa gebieten: ien yn it klaaigreidegebiet Baarderadiel en ien yn it feangreidegebiet De Deelen.

Ald kultuerlânskiplik weardefol greppellân wurdt krap. En dat is spitich, want ûndersyk befestiget  dat greppellân mear boaiemlibben hat as gongber  gerslân, fan mear wearde is foar de floara en ek foar greidefûgels. Ald  greppel- en gerslân nimt ek mear CO2  op,  en der wurde hegere grûnwetterstannen yn berikt – mei in posityf effekt op boaiemdelgong en CO2-útstjit  yn ’e  feangreiden – én greppels ferbetterje de oan-, ôffier en it opheinen  fan wetter by waarsekstremen.

Genôch reden om sunich te wêzen op it restearjende greppellân. Dochs is greppellân yn ’e  publike oandacht in ûnderskood berntsje. Bosken binne beskerme, mar âld krûderyk greppellân net. Deputearre Fokkinga is dêrom bliid  mei de stipe út ’e  Erfgoed Deal wei: “Dizze stipe jout in prachtige ympuls om erfgoed yn ús lanlik  gebiet te brûken foar de opjeften foar bioferskaat en klimaat, mar ek as stipe foar de Fryske boer dy’t dat beheare moat.”

Opknappen  en/of behâlden fan greppellân hâldt  ferlies oan ynkommen en fermogen foar de boer yn. Op dat punt moat dus wol in oplossing fûn wurde. Krekt dêr sil  dit projekt mei te set.  Der wurdt in metodyk ûntwikkele om it ferlies te kompensearjen, sadat greppellân wer takomst hat. Yn twa yntegrale gebietsprosessen –  ien yn Baarderadiel en ien yn Aldeboarn-De Deelen  –  wurde saneamde ‘dûbeldoelgrûnen’  realisearre. Dat binne grûnen dy’t  net allinnich in produksjedoel tsjinje, mar ek oare, hjirboppe neamde doelen.

Mei-inoar  wurdt rûchwei 180 hektare  greppellân opknapt  of  op ‘en nij oanlein en 60 hektare  behâlden. It projekt is yntsjinne troch de provinsje Fryslân yn oparbeidzjen  mei belutsenen by de beide gebietsûntwikkelings.  . It projekt wurdt stipe troch Wetterskip Fryslân yn it ramt fan it feangreideprogramma en troch de gemeente Ljouwert yn it ramt fan it oparbeidzjen yn  Greidhoeke Plus, dat tawurkje wol nei in mear natuerynklusive regio.

Ut ’e  lanlike Erfgoed Deal wei wurde projekten stipe dêr’t  erfgoed in bydrage yn leveret oan ’e  grutte romtlike opjeften. De Erfgoed Deal is op 21 febrewaris 2019 ûndertekene troch oerheden en maatskiplike organisaasjes.

Mear ynformaasje is te finen op: https://www.fryslan.frl/ruimtelijkekwaliteit.

Aanmelden nieuwsbrief
Cookieinstellingen