Wybe Jissink út Aldehaske fynt earste ljipaai

16 mrt 2022, 20:56 Gemeente
wybe
eigen foto
Wybe Jissink (72) út Aldehaske hat tiisdei 15 maart it earste ljipaai fûn fan ús gemeente! Prachtich! Hy fûn it ljipaai tsjin healwei trijen yn syn eigen neisoarchgebiet, yn in stik gerslân by Aldehaske. “Bysûnder om mei te meitsjen en moai yn it eigen neisoarchgebiet”.
ALDEHASKE, 16-03-2022 - Yn 1969 krige Wybe ek in oarkonde foar it earste ljipaai yn de eartiidse gemeente Haskerland, hy wie toen 19 jier en fûn it aai doe by Sintjânsgea. Fannemiddei kaam Wybe mei syn frou nei it gemeentehûs om de oarkonde en it finerslean fan boargemaster Fred Veenstra yn ûntfangst te nimmen. Veenstra: “In moaie tradysje dy’t we graach op dizze wize yn eare hâlde”.

“Plasdras”

Wybe Jissink is neisoarger en hie it fûgelpearke al in pear dagen yn de gaten. Op it stik gerslân tusken Aldehaske en Haskerhorne ha se bewust in ‘plasdras’ makke sadat de grûn net te hurd en droech wurdt en dat lûkt fûgels. Skriezen, tsjirken en ljippen sitte der graach.